Amerikanen ek benaud foar F-35

14 maaie 2013 - 10:23

Nederlân moat syn jild net stekke yn in oerstallich wapensysteem as de F-35, better bekend as de JSF. As yn it lân bern noch te krijen ha mei ûnderwiisefterstannen, kinne jo better dêr op ynsette. Dat seit Ben Cohen, de oprjochter fan it iismerk 'Ben & Jerry's'. Hy is de jildsjitter fan in pear groepen yn de steat Vermont yn Amearika, dy't aksje fiere tsjin de komst fan de JSF nei South Burlington. Dêr binne plannen om tusken de 18 en 24 F-35's te pleatsen. Dat hat grutte konsekwinsjes foar de omjouwing.

Omdat it tastel folle mear leven makket as de F-16, dy't der no brûkt wurdt, moatte sa'n twatûzen huzen sloopt wurde. Dat kostet mei-inoar sa'n 600 miljoen euro.

De sitewaasje by Burlington is fergelykber mei dy yn Marsum. By beide plakken stige de fleantugen op boppe wenhuzen. Yn beide plakken meitsje de minsken har ek grutte soargen oer de oerlêst dy't it ekstra lûd meibringe kin. Yn Amearika wurdt in tsjinlûd al gau ôfdien as 'net patriottysk' of 'tsjin it leger'. Dat giet net op foar Suzanne Greco. Sy wurke jierren foar de Amerikaanske loftmacht. Se hearde by de delegaasje dy't mei de Sovjets ûnderhannele oer it werombringen fan it tal kearnraketten. Se wennet no yn Burlington en fielde har bot oerfallen troch it nijs dat de F-35 op de basis fan de Air National Guard stasjonearre wurde soe. Se gie op ûndersyk út en it waard har al gau dúdlik dat de oerlêst folle slimmer wurde soe. Har folgjende missy wie helder: derfoar soargje dat de F-35 net yn Vermont komt. In stânpunt dat net populêr is. De senator fan de steat, Leahy, is grut foarstanner. Hy hat derfoar soarge dat de Air National Guard it tastel krijt. Ek yn de stêd en omjouwing sels is Greco's stânpunt net populêr. De Guards soargje foar wurkgelegenheid en de F-35 sil dat behâlde yn in tiid wêryn't ek de Amerikaanske definsje besunigje moat.

De Amerikaanske loftmacht en Lockheed Martin lizze dêr de klam op: de komst fan de F-35 smyt ekstra banen op. Benammen by de plakken der't it tastel no test wurdt. Dat is ûnder oaren op Eglin Airforcebase yn Florida. In basis hast like grut as de provinsje Utrecht. Op it stuit steane dêr in dikke tweintich F-35's, dy't alle dagen fleane om te testen. Der binne gebouwen foar nedich en de minsken dy't der wurkje, moatte húsfeste wurde. Squadronkommandant Michael Jebner doart de stelling dan ek oan dat nimmen mear klaget as se sjogge hoefolle ekstra wurkgelegenheid it opsmyt.

Yn de stêd Valparaiso, dy't njonken de basis leit, witte se dat mar al te goed. Dochs kaam de boargemaster yn aksje en drige hy de loftmacht mei in rjochtsaak. Hy woe dúdlikens ha oer de ekstra oerlêst en mei de loftmacht om tafel om te sjen wat der oan te dwaan is. De útkomst wie dat der in tydlike kommisje ynsteld waard dy't konstant oerlis hie oer lûdshinder. No krekt, twa-en-in-heal jier letter, is de kommisje skrast. De loftmacht fynt it net mear nedich en dat wylst de soargen fan omwenners allinnich mar tanimme. Der wurdt mear flein en de druk wurdt alle dagen heger. Se binne dan ek benaud dat de huzen yn wearde ôfnimme. As de foarsizzings fan de loftmacht klopje, dan is der net mear te wenjen yn in lytse hûndert huzen. In skoalle, dy't der sit, soe eins ferhúzje moatte.

De soarch oer de oerlêst en de konsekwinsjes foar de sûnens binne der ek yn Burlington. No is it al sa dat bern fan skrik yn har broek pisje as F-16's ôfsette. Dat jildt ek foar de bernedeiferbliuwen yn de omjouwing. Ek binne der stúdzjes dien werút bliken docht dat de prestaasjes fan bern minder wurde as se les krije yn de omjouwing fan in lûdroftige fleanbasis.Tal fan huzen yn Burlington binne al opkocht troch de oerheid. De kommende jierren sille dat der mear wurde. Yn de stêd tinke se dan ek dat de politisy der in oare aginda op nei hâlde. Want as it gebiet om it fleanfjild hinne net mear geskikt is foar bewenning, dan is dat it al foar bedriuwen. Grutte projektûntwikkelers stekke dan no ek al jild yn politike kampanjes fan foarstanners fan de pleatsing fan de F-35.

Dat stekt Ben Cohen it meast. Hy sprekt fan legale omkeaperij. Neffens him is it systeem korrupt. Want wêrom soene jo sa'n tastel keapje as jo grutste fijân net iens in fleantúch hat. Wêrom moat jo dan miljarden stekke yn de ûntwikkeling fan in tastel. Dat dogge jo dan allinnich foar de djippe bûsen fan fabrikant Lockheed Martin. It stekt him ek dat de belestingbeteller no opdraait foar de kosten fan it ûtwikkeljen fan in fleantúch. Oerheden stekke dêr miljoenen yn. Nederlân betelle ek al hûnderten miljoenen euro's foar twa testtastellen. Dat wylst de measte problemen noch net oplost binne. De Amerikaanske piloaten wurkje dêr hurd oan. Dat heart ek by it trochrinnen fan in testfaze. Se bin derfan oertsjûge dat de F-35 it bêste fan it bêste wurdt en lang mei kin. Op termyn binne se dan ek goedkeaper as alle oare tastellen op de merk, sa seit in wurdfierder fan Lockheed. Ben Cohen sjocht dat net. Neffens him moatte de tsjinstanners yn alle lannen de hannen ynienslaan. Hokker arguminten se ek ha, se moatte har lûd útsprekke tsjin de F-35 en besykje de politisy te beynfloedzjen.

Omrop Fryslân stjoert yn juny in dokumintêre út oer de F-35. Dêrfoar binne ferslachjouwer Hayo Bootsma en programmamakker Halbe Piter Claus ôfreizge nei Amearika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)