Amerikaanske studinten foar útwikseling by Bornego College

12 apr 2016 - 11:54

It Bornego College op It Hearrenfean hat dizze wike foarearst foar it lêst besite fan in groep Amerikaanske studinten. Nei seis jier komt der in ein oan de útwikseling tusken Bornego en de Rensselaer Highschool. De binende faktor is in replika fan in âld VOC-skip, de Half Moon. Dat skip lei yn Amearika en dêrmei giene Feanster learlingen elk jier te farren.

De boat leit allinne no yn it Noard-Hollânske Hoorn en wurdt net mear brûkt foar syltochten. Dêrtroch komt der in ein oan de útwikseling. Oant en mei snein binne de Amerikanen op It Hearrenfean. Der binne ferskate aktiviteiten pland, sa as in reiske nei Amsterdam en in besite oan de Half Moon in Hoorn. Ek jouwe Amerikaanske studinten tiisdei en tongersdei les oan de Feanster learlingen oer it Amerikaanske skoalsysteem en de ferkiezings.

Ein oan de útwikseling

Snein geane de Amerikanen werom nei harren heitelân. Dan is de útwikseling tusken it Bornego College en de Rensselaer Highschool dus definityf dien. Neffens dosint Menno de Leeuw fan it Bornego College is it spitich. De Feanster learlingen leare in soad fan sa'n útwikseling, wit De Leeuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)