Amerikaanske famyljes komme nei 105 jier wer nei Hichtum

11 mrt 2016 - 21:30

Simmer 2000 komt wer wat ta libben op 6 april yn Hichtum. In groep fan alve minsken út Amearika bringt dan in besite oan it doarp dêr't harren famyljes 105 jier lyn út fuort lutsen, op wei nei datselde Amearika. It giet dan om de famyljes Hiemstra en Namminga. Harren ferhaal is optekene troch skriuwer Hylke Speerstra en publisearre yn it boek De Treastfûgel. Dat boek wurdt no ek yn Amearika útjûn.

No't de famyljes de Fryske woartels wer opsykje, is dat foar it doarp en Speerstra oanlieding om der in spesjale foarstelling fan te meitsjen yn de âlde en lytse doarpstsjerke fan Hichtum. Speerstra komt der oan it wurd mei muzyk fan muzykkorps Excelsior en sang fan Adri de Boer. De foarstelling duorret oardeloere en is by jûntiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)