Amerikaanske AEG yn Icedôme

23 maaie 2013 - 17:35

It Amerikaanske bedriuw dat de eksploitaasje fan de nije Icedôme yn Almere dwaan wol, is it sport- en entertainmentbedriuw AEG. It konsern heart yn Amearika ta de merklieders as eigener fan akkommodaasjes foar grutte sporten as American football en baseball. AEG operearret yn de hiele wrâld.

Ek is AEG partner yn Ahoy yn Rotterdam en stadions yn Amearika, Azië en Australië. Neffens Omroep Flevoland hat AEG noch gjin hurde tasizzings dien oer de eksploitaasje fan Icedôme.

Dêr kin pas oer sprutsen wurde as Almere definityf oanwiisd is as de Nederlânske iisbaan mei in topsportlokaasje. De beoardielingskommisje fan de KNSB en NOC*NSF hat Almere foarearst útkeazen boppe Thialf en Zoetermeer. Op 3 juny wurdt de definitive kar bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)