Amerikaansk bedriuw nei Sint Nyk

03 sep 2003 - 00:00

It Amerikaanske bedriuw Weber dat barbecues makket, krijt in festiging yn Sint Nyk. De Europeeske dochterûndernimming giet dêr moandei fan start. Der is in advyssintrum en in showroom. De ferkeap bart op oare punten lykas boumerken.

It bedriuw keas foar Sint Nyk fanwege de goeie ferbinings en de lytse ôfstân nei It Hearrenfean dêr't it magazyn is. De festiging fan Weber yn Sint Nyk is de njoggende yn Europa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)