Amerikaankse F15's stasjonearre op fleanbasis Ljouwert

03 apr 2016 - 09:38

Op de fleanbasis Ljouwert wurde de kommende wiken troch Amearika tolve F15's stasjonearre. Der wurdt ek mei oefene, yn gearwurking mei de Nederlânske loftmacht. De Amerikanen wolle mei de ynset sjen litte dat se har ynsette foar in frij en feilich Europa en dat se fierdere Russyske agresje ûntmoedigje wolle.

De Amerikanen sille hjir de hiele wike oefenje en letter slute yn it ramt fan de grutte oefening Frisian Flag oare Europeeske lannen oan, fan 11 april oant 22 april. Dêrnei bliuwe de F15's noch in wike yn Ljouwert foar oefeningen.

Oankomst moandei

Ferline jier wie de Amerikaanske loftmacht ek te oefenjen yn Ljouwert. Nei alle gedachten komme de fleantugen moandei oan yn Ljouwert. De ôfrûne wike kamen al grutte transportfleantugen binnen dy't materieel en personiel brochten foar de Amerikaanske ynset de kommende wiken. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)