Amerikaan yn kontakt mei rêder

06 jan 2011 - 12:26
  • Nijboer yn petear mei McGahee
  • Roel Nijboer harket........ (foto's Omrop Fryslân)

De Amerikaanske fleaner McGahee hat woansdei fia de kompjûter praten mei Roel Nijboer fan De Pein, dy't him yn de Twadde Wrâldoarloch it libben rêden hat. Yn 1943 stoarte by De Pein in Amerikaansk fleantúch del. Fjouwer ynsittenden oerlibben de crash en bleaune mei help fan Nijboer en syn heit út hannen fan de Dútsers.

Ferline jier wie McGahee yn De Pein doe't dêr in monumint ûntbleate waard. Hy joech doe oan graach yn kontakt te kommen mei syn rêders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)