Amerikaan promovearret by Wetsus op wetterbrêge

18 apr 2016 - 16:27
  • De wetterbrêge is in soarte wetter ferlykber mei wetter yn it minsklik lichem

By wetterûndersyksynstitút Wetsus promoverarret tiisdei in Amerikaan. Wetter bestiet yn floeibere en beferzen steat, en as damp. Der is ek noch in fjirde steat. Dy sjogge wy yn de saneamde wetterbrêge. Nei alle gedachten is dat ek de steat fan wetter yn it minsklik lichem.

De Amerikaanske ûndersiker Adam Wexler promovearret dêr tiisdei op yn de Kânselarij yn Ljouwert. Hy wol útfine hoe't dat krekt sit en de resultaten brûke om bettere medisinen te meitsjen. Direkteur Johannes Boonstra fan Wetsus fertelt yn Bynt mear oer ît ûndersyk.

De titel fan Wexler syn proefskrift is 'Electrically Excited Liquid Water. Lessons from the Floating Water Bridge'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)