Amels pakt goud mei 2,28 meter

14 jul 2013 - 16:36
  • Douwe Amels, heechspringer

Heechspringer Douwe Amels fan Drachten hat snein it goud pakt yn de finale by it EK ûnder 23 jier. Yn it Finske Tampere sprong de Drachtster yn ien kear oer 2.28 meter, wêrmei't er syn persoanlik rekôr fan 2,22 meter ferpulvere. It sulver wie foar de Rus Daniil Tsyplakov, dy't ta deselde hichte kaam, mar dêr trije sprongen foar nedich hie. It brûns gong nei de Gryk Adónios Mástoras mei 2.26 meter.

Amels slagge der net yn it Nederlânsk rekôr oan te skerpjen. Dat stiet al sûnt 1999 op namme fan Wilbert Pennings dy't 2.30 meter sprong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)