Amels is nasjonale titel kwyt

16 feb 2013 - 16:01
  • Heechspringer Douwe Amels

Heechspringer Douwe Amels is sneon syn nasjonale titel kwytrekke oan Jan Peter Larsen. Op it NK atletyk yndoar yn Apeldoorn wie de Drachtster net yn topfoarm. By 2,14 m. miste Amels oant twa kear ta, wêrnei't er by de tredde en lêste kâns krekt oer de latte kaam. Hy sloech dêrnei de 2,18 meter oer en seach Larsen yn ien kear oer 2,21 m. springen.

Nei in earste mislearre sprong op dizze hichte, besleat Amels de latte op 2,24 m. te lizzen. Trije foutsprongen makken in ein oan de ambysje om syn tredde titel op rige te pakken.

Foar Larsen is it syn tsiende nasjonale titel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)