Amelanners wolle fjoertoer hâlde

10 okt 2003 - 00:00

De fjoertoer op It Amelân moat behâlden bliuwe. Dat hat de Amelanner befolking yn grutte mearderheid oanjûn yn in enkête. As it oan Rykswettersteat leit dan hâldt de fjoertoer takom jier mei syn tsjinsten op.

De gemeente is foarearst net fan doel de finansiering oer te nimmen. De Amelanners tinke dêr oars oer. Sawat elkenien dy't meidie oan de enkête wol dat de fjoertoer yn funksje bliuwt. De gemeente wol lykwols neat tasizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)