Amelanners tipelje wer

08 okt 2011 - 14:14

Yn Bueren op It Amelân is dit wykein it Amelanner kampioenskip tipeljen. Dat wie eartiid in populêr folksspultsje. Yn de rin fan de tiid is it útstoarn. Tipeljen wurdt dien mei twa stokken. Dy moatte mei ferskate soarten slaggen in wedstriidfjild yn slein wurde.

Neffens Douwe Molenaar fan de feestorganisaasje komt de oplibbing troch de jongerein. Dy hawwe it spultsje wer ûntdutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)