Amelanners nei Den Haach foar harksit oer fargeul

10 jun 2015 - 11:03
  • Fearboat nei It Amelân

In grutte delegaasje Amelanners sprekt woansdei yn by de Twadde Keamer yn Den Haach. Dêr wurdt yn in spesjale harksit praat oer de problemen mei de fargeul nei de fêste wâl. Neffens de brûkers en de reder ûntsteane der in soad fertragings troch it minne ûnderhâld fan de geul.

De partijen rûzje al jierren lang oer wa't ferantwurdlik is foar it ûnderhâld. Steatssiktaris Mansveld wol dat der no earst ûndersyk dien wurdt. Op It Amelân fine se dat te lang duorjen en wolle se dat der no al aksje ûndernaam wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)