Amelanners nei Den Haach foar harksit oer fargeul

28 maaie 2015 - 15:24
  • Fearboat nei It Amelân

In delegaasje fan Amelanners giet op woansdei 10 juny nei Den Haach. Dêr is dan in harksit oer de fargeulproblematyk. Under oaren boargemaster Albert de Hoop fan It Amelân, fertsjintwurdigers fan Wagenborg en Rykswettersteat komme dêr oan it wurd.

De Hoop wol op koarte termyn in oplossing foar de problemen mei de fargeul. Dy soargje foar in soad fertragings. Oarsaak is ûnder oare min ûnderhâld. Offisjeel is it ryk dêr ferantwurdlik foar, mar steatssekretaris Mansveld wol earst mear ûndersyk dwaan nei de oarsaken.

Dat duorret de eilanners lykwols te lang. Sy hoopje op stipe fan de Twadde Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)