Amelanners fytse foar KiKa

14 jun 2009 - 08:32
  • (Foto: Jeanet de Jong, Persbureau Ameland)

Wethâlder Bakema fan It Amelân hat sneon de dielnimmers oan de Tour of Hope binnenhelle. Dat die er by de fjoertoer op it eilân. De Tour of Hope is in sponsortocht foar de Stichting KiKa. Oan de tocht diene trije Dútske fytsers mei. Dy leinen yn ien dei 350 kilometer ôf. Fjouwer Amelanners sletten har letter by de Dútsers oan.

Hoefolle jild de tocht opbrocht hat is noch net dúdlik. De Tour of Hope waard foar de fjirde kear hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)