Amelanner yn aksje foar Kenia

08 jan 2008 - 08:07

Amelanner Theo Kiewiet begjint mei in aksje foar Kenia. Kiewiet hat de lêste jierren in soad yn it lân oan it wurk west foar ûntwikkelingsprojekten. Troch it geweld fan de lêste tiid binne ek in soad fan de hûshâldens dêr't Kiewiet kontakt mei hat op de flecht. Harren hûs en besittingen binne se kwyt.

De Amelanner begjint in jildynsammeling om minsken wer oan in dak boppe de holle te helpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)