Amelanner wiis mei fergese bus

06 mrt 2007 - 12:50
  • Iepenbier ferfier op Amelân

De Amelanners binne bot te sprekken oer it fergese iepenbier ferfier foar de âlderein. De proef slacht sa bot oan dat der oer tocht wurdt om nei 1 april te ferlingen. Ynwenners fan it Amelân dy't âlder as 65 binne kinne sûnt in jier lyn fergees mei de bus op fertoan fan harren boatpas.

De fergese bus is in inisjatyf fan gemeente, streekferfierder Arriva en de rekreaasje-ûndernimmers. Der wurdt meikoarten praat oer ferlenging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)