Amelanner walfisk yn Leiden

14 okt 2010 - 19:14

De minsken dy't freed en sneon op it stasjon fan Leiden komme sille miskien fernuvere wêze oer wat se sjogge. De walfisk dy't op 8 oktober ferline jier oanspielde op It Amelân wurdt dêr op it stuit nammentlik foar it earst ynelkoar set.

It bist makket diel út fan it NS Try Out Festival dat plakfynt yn de stêd. De 8 meter lange walfisk is yn besit fan museum Naturalis , mar wurdt fan takom wike ôf utliend oan it Natoersintrum op It Amelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)