Amelanner put is wetterput

21 jun 2010 - 14:48

It gat yn de dunen by Hollum op It Amelân hat nei alle gedachten in wetterput west. Yn maart foel in 8-jierrich famke yn de put fan hast fiif meter djip. Se moast der troch de helptsjinsten úthelle wurde, mar skeelde neat. Rykswettersteat goaide de put daliks nei it ûngelok ticht om mear ûngelokken foar te kommen.

De gemeente It Amelân woe dat de put ûndersocht waard. Rykswettersteat hat it gat doe opnij iepen makke foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)