Amelanner hout oprêden

21 mrt 2007 - 10:46
  • Al it hout is al fuorthelle

It hout dat tiisdei oanspielde op it strân fan Amelân is allegear oprêden. Der is tiisdeitenacht ek gjin hout mear oanspield. Rykswettersteat ferwachtet dat it grutste part fan de partij hout no oan lân is.

Mooglik driuwe der noch wat balken om, mar dy foarmje gjin grut gefaar foar de skipfeart. Rykswettersteat tinkt net dat de eigner fan it hout him noch meldt. It soe te folle kostje om alles werom te foarderjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)