Amelanner groep skoart op Liet

17 apr 2010 - 10:13
  • Van Geeft 'M
  • Equal Souls

In band dy't sjongt yn it Amelânsk is freed nominearre foar de finale fan it Lietfestival. De tredde foarronde wie yn Kollum. Njonken Van Geeft 'M krigen de jonge groep Equal Souls, mei in Fryske sjongeres út Rotterdam, en âlde bekenden Ramsk kâns op in plak yn de finale. Dy is op 22 maaie yn De Harmonie yn Ljouwert.

Sneon is der noch in foarronde yn seal De Zon yn Easterwâlde en takom wike tongersdei yn de Popakademy yn Ljouwert. Publyk kin dêrby wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)