Amelanner fytspaad ôfsletten

23 jul 2010 - 11:31

It part fan it fytspaad noardwestlik fan de Stayokay op It Amelân is fan 2 augustus oant 1 oktober ôfsletten yn ferbân mei opnames foar de film "Penny Shadow". De film fan Steven en Klaas de Jong en wurdt dizze simmer opnaam.

De measte opnames binne by it hostel. Ut en troch wurdt der filme yn de doarpen, dêr kinne dan ek diken ôfsletten wurde. Dat bart yn oerlis mei de gemeente It Amelân, sadat eveneminten trochgean kinne en de bussen ek gewoan ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)