Amelanner fraude: 41.000 euro

13 jun 2014 - 10:24
  • Clemenstsjerke It Amelân

De ponghâlder fan de roomske parochy op It Amelân hat mei-inoar hast 41.000 euro efteroerdrukt. Undersyk fan de parochy hat dat útwiisd. Yntusken is it grutste part fan dat bedrach wer werombetelle. De parochy mist noch 1800 euro. De ponghâlder is ûntslein. Sawol de tsjerke as de plysje hienen in ûndersyk nei de man ynsteld.

De werbou fan de ôfbaarnde Sint Clemenstsjerke is nea yn gefaar kaam troch de fraude. Dat jild stiet op in aparte rekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)