Amelanner fjoertoer moat iepen

17 mrt 2001 - 00:00

De fjoertoer op It Amelân moat tagonklik bliuwe foar toeristen. Dat sei TwaddeKeamerlid Joop Atsma freedtejûn. Hy sei de eilanners ta him foar it iepenhâlden yn te setten.

Rykswettersteat wol de fjoertoer foar it publyk slute. Neffens it ministearje soe it ûnferantwurde wêze de toer te beklimmen. Jierliks dogge 70.000 rekreanten dat, foaral as it min waar is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)