Amelanner fearboat Oerd is stikken en wike lang út de feart

05 okt 2015 - 11:34

De ekstra ôffearten fan fearboat MS Oerd fan en nei It Amelân ferfalle moandei fanwege in technyske steuring. It giet om de ôffearten fan healwei tolven en healwei twaen fan It Amelân ôf en dy fan healwei ienen en healwei trijen fan Holwert. Underdielen fan ien fan de motoren binne stikken gien.

Neffens direkteur Ger van Langen komt dat troch it lege wetter dêr't Wagenborg mei konfrontearre wurdt. Fearboat Sier fart wol gewoan. As it nedich is, wurdt in reserveboat fan Skiermûntseach ynset op de rûte nei It Amelân.

De Oerd kin sân oant tsien dagen net farre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)