Amelanner dyk amper heger

08 mrt 2011 - 15:29

De dyk op It Amelân hoecht kwalik ferhege te wurden. Dat seit it Wetterskip Fryslân. Earder waard tocht dat de dyk flink heger makke wurde moast, fanwege it stigen fan de seespegel. Ut nij ûndersyk fan it Ryk hat bliken dien dat de weagen yn de takomst sa heech net wurde as earder ferwachte waard. Dan hoecht de dyk net folle heger.

It Wetterskip ûndersiket noch oft de dyk breder wurde moat op guon plakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)