Amelanner dunen wurde meand en snoeid

19 nov 2015 - 16:33
  • Natuergebiet It Oerd op It Amelân

Op It Amelân wurde de kommende tiid de dunen op it Oerd opskjinne. It stik natuergebiet wurdt oergroeid troch gers en beamkes en dat heart der eins net thús. Dêrtroch ferdwine karakteristike planten en bisten. Troch de boppeste grûnlaach ôf te graven komt de ûnderste sânlaach wer boppe en kin de oarspronklike dúnfloara der wer groeie.

It wurk oan de Oerderdunen is ûnderdiel fan in grutter projekt om wyn en wetter mear frij spul te jaan yn de dunen. Sa wurdt foarkommen dat der tefolle gers groeit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)