Amelanner bultrêch by Teksel

03 jun 2011 - 07:22

De bultrêch dy't in skoft by It Amelân swommen hat, is nei alle gedachten nei Teksel swommen. Minsken ha dêr de ôfrûne dagen in bultrêch sjoen. Skattingen sizze dat it bist tusken de seis en njoggen meter lang is. Op de seedyk fan Den Helder sammelen har tongersdei in soad minsken om de bultrêch te sjen.

In pear wike lyn waard by It Amelân ek in bultrêch sjoen. Of it om itselde bist giet is net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)