Amelanner brúnfisk goed sûn

23 aug 2007 - 13:19
  • Foto:: Dolfinarium, Robert Portier
  • De brúnfisk wurdt yn in bassin litten (foto: Dolfinarium, Robert Portier)

It giet goed mei de jonge brúnfisk dy't woansdei op it strân by Nes op it Amelân oanspield is. It bist is oerbrocht nei it Dolfinarium yn Hurderwyk. Dêr swimt er yn in bassin en it liket goed te gean.

De brúnfisk waard woansdeitemoarn om healwei achten fûn troch Sip Brouwer en Sip de Jong. Se hawwe it bist de namme Siepy jûn. It giet om in wyfke fan trije moanne oant in heal jier âld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)