Amelanner bern befreegje Kuipers

24 apr 2004 - 00:00

Trije bern fan de Amelanner skoalle It Ienster hiene sneon de ear om in fraach te stellen oan astronaut André Kuipers. Dy is op it stuit yn it romtestasjon ISS. De skoalbern hiene in priis wûn mei in wedstryd fan de Europeeske romtefeartorganisaasje ESA.

De fragesessy duorre mar tsien minuten. Langer wie it romtestasjon net yn it berik fan de radio. It sweeft mei 28000 km per oere boppe de ierde. Kuipers is ek útnoege om nei it Amelân te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)