Amelanner asbest mooglik al 25 jier âld

12 okt 2015 - 13:07
  • (foto-ympresje)

It asbest dat yn de seedyk op It Amelân fûn is, leit der nei alle gedachten al sa'n 25 jier. Ferline moanne waard it asbest by wurksumheden oantroffen. It gefolch wie dat it wurk op 2,3 kilometer dyk stillein wurde moast. Op dat momint wie de oannimmer dwaande om de gersmatte op te knappen.

Wetterskip Fryslân hat ûndersyk dien op oare plakken op de dyk, om te sjen oft der mear asbest sit. De resultaten fan dit ûndersyk wurde ein novimber ferwachte. It ûndersyk en it opûnthâld hawwe gjin negative finansjele gefolgen foar it Wetterskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)