Ameland'82 wol eigen feartsjinst foar It Amelân

01 sep 2015 - 06:10
  • Fearboat nei It Amelân

De Amelanner partij Ameland'82 wol dat der in Eigen Veerdienst Ameland oprjochte wurdt. De partij wol ûndersykje oft it mooglik is in feartsjinst yn te rjochtsjen lykas by Teksel. Dêr fart de TESO. Der is in soad ûnfrede oer de tsjinstregeling fan rederij Wagenborg. Sa binne der in soad fertragings en dat komt it eilân net ten goede.

Ek is der sûnt de start fan de nije konsesje ferline jier gjin ynspraak mear en dat hat laat ta monopolistysk gedrach sa stelt Amelân'82. De partij wol 10.000 euro útlûke foar it ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)