Amelân'82 skrikt fan ronseljen

20 mrt 2014 - 16:01
  • Gemeente It Amelân

It ûndersyk nei it ronseljen fan stimmen troch in lid fan Algemeen Belang Ameland set de kolleezje-ûnderhannelings op it eilân ûnder druk. Dat seit Will Bakema, de listlûker fan Amelân '82. Bakema wol graach gau dúdlikheid oer hoe't dat krekt sit mei it ronseljen, want hy fynt it lestich om in partij te fertrouwen dy't dêrmei anneks is. It is dêrom fan grut belang dat der dúdlikheid komt oer de oanjefte nei it mooglik ronseljen fan stimmen. De saak leit gefoelich om't de partijen Algemeen Belang Ameland en Ameland '82 likefolle stimmen krigen.

It leit dêrom foar de hân dat dizze partijen mei-inoar ûnderhannelje oer it nije kolleezje. Mar Bakema is geweldich skrokken fan de berjochten oer ronsel-praktiken en wol graach earst wite hoe't dat krekt sit. It stimburo fan Amelân sil freed om 10.00 oere de definitive útslach fêststelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)