Amelân wol freonskip mei Kleve

05 nov 2013 - 10:06
  • It Amelân

De gemeente It Amelân wol de besteande freonskipsbân mei de Dútske stêd Kleve offisjeel fêstlizze. Al mear as in ieu binne der al kontakten tusken it Waadeilân en Kleve. Begjin 1900 kamen der foar it earst bern út Kleve op fakânsje nei It Amelân. Troch de ûnstiene freonskip offisjeel by de EU oan te melden, bestiet de mooglikheid om foar guon projekten subsydzje te krijen.

De gemeenteried fan It Amelân is posityf oer it fêstlizzen fan de freonskip mei Kleve omdat it nei alle gedachten goed is foar it toerisme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)