Amelân wol fjoertoer iepen goaie

14 mrt 2003 - 00:00

De gemeente Amelân wol de fjoertoer op it eilân wer iepenstelle foar it publyk. Oardel jier lyn waard de toer sletten. Rykswettersteat die dit fanwege de brânfeiligens. De gemeente Amelân wol de fjoertoer no hiere fan rykswettersteat om sa besite fan toeristen oan de toer yn 'e jûnsoeren mooglik te meitsjen.

De fjoertoer wie mei 70.000 besikers yn it jier in grutte attraksje foar it Waadeilân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)