Amelân wol bylden útstalle

22 des 2004 - 15:16

It Amelân wol de folsleine bylde- kolleksje fan keunstner Hein Mader fan Mantgum op it eilân útstalle. It giet om 160 bylden dy't noch net útstald binne. Dy moatte foar in part yn in hal en oer it eilân hinne ferspraat wurde.

It gemeentebestjoer wol graach mear keunst ha op it eilân. Dat soe mear toeristen lûke kinne. Ein jannewaris sil de folsleine gemeenteried fan It Amelân by Mader op besite. Dêrnei beslute se oft de bylden in plak krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)