Amelân wer in stikje duorsumer

09 apr 2010 - 19:47

Minsken op It Amelân kinne har tenei op in duorsume wize op it eilân ferpleatse. Op it waadeilân ride sûnt koart fjouwer bussen op ierdgas. Ek is der in nij tankstasjon op it eilân kaam dêr't de bussen it ierdgas helje kinne.

It riden op ierdgas is better foar it miljeu en ek in stik goedkeaper. De pomp is lykwols net allinne foar de nije bussen, ek gewoane auto's kinne der tanke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)