Amelân test ierdgasauto

18 apr 2007 - 10:35

De gemeente It_Amelân sil de kommende twa wiken in nije bedriuwsauto teste, dy't op ierdgas rydt. De meiwurkers fan de gemeente sille de auto fergelykje mei de weinen dêr't se no yn ride.

As dy test goed útpakt sil de gemeente mooglik twa nije ierdgasauto's keapje. Ierdgas is net allinne better foar it miljeu, mar it is ek goedkeaper en stiller as brânstof lykas disel of benzine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)