Amelân teloarsteld oer fjoertoer

13 jul 2004 - 16:05

Op It Amelân is teloarsteld reagearre op it beslút fan minister Peijs gjin personiel te hâlden yn de fjoertoer op it eilân. De minister wol ynstee fan minsken, ynfraread kamera's ynstal- learje yn de fjoertoer. It byld fan de kamera's wurdt opheind op Skylge.

B en W fan It Amelân wolle no de fjoertoer fan Rykswettersteat oernimme. De gemeente wol de toer wer iepenstelle foar it publyk. De gemeenteried moat ynkoarten in beslút nimme oer dit plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)