Amelân praat oer feartsjinst

20 aug 2013 - 06:19
  • Mear drokte op de eilannen soarget foar personielstekoart

De gemeente It Amelân sil mei rederij Wagenborg om tafel om te praten oer de problemen mei de feartsjinst. De fearboaten hawwe wol gauris fertraging of der is te min plak oan board, sadat passazjiers stean bliuwe.

Boppedat is der neffens riedslid Rudolf Teuben fan Ameland '82 in soad ûnfrede oer it nije kassasysteem. De problemen binne neffens Teuben net goed foar it imago fan it eilân en de rederij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)