Amelân op shirts FC Grins?

21 feb 2007 - 20:09

De kâns is grut dat de spilers fan FC Grins takom seizoen reklame meitsje foar Amelân. De VVV op it eilân en de gemeente wolle fia de shirts fan de fuotballers de bekendheid fan it eilân fergrutsje.

Tongersdei is der noch in lêste petear tusken boargemaster De Hoop fan Amelân en de fuotbalklub. At dat goed ferrint wurdt de shirtsponsoring freed offisjeel bekend makke, sa seit direkteur Nijland fan de fuotbalclub.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)