Amelân moat 'bad-status' krije

23 sep 2014 - 07:38

It Amelân moat in kueroard wurde om mear toeristen te lûken. Om dat te berikken moat it eilân de saneamde 'bad-status' krije. Dat lûkt in soad toeristen. Boppedat kin it eilân him mei sa'n status ûnderskiede.

Direkteur Harry Westers fan de Westcord Hotels makket him dêr sterk foar. Hy wol in spa- en wellnesssintrum op it eilân bouwe, ek om toeristen bûten it heechseizoen te lûken. Moandeitejûn wie der in ynformaasjebyienkomst, dêr't goed hûndert minsken op ôf kamen. Om it kueroard mooglik te meitsjen, moat it bestimmingsplan oanpast wurde.

It kueroard moat komme yn it âlde subtropysk swimbad. Dat kompleks stiet al jierren leech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)