Amelân lulk op Rykswettersteat

19 okt 2006 - 23:48

De gemeente Amelân is lulk op Rykswettersteat omdat dy net fan doel is de wetterkearing nei it sin fan de eilânners oan te lizzen. Guon kampings en fakânsjehûzen lizze no bûtendyks en moatte deselde wetlike beskerming krije as alle oare huzen op it eilân.

De steatssekretaris wol it beskermingsnivo garandearje troch mei ekstra sân de dunen yn stân te hâlden. De eilanners binne kritysk omdat dit gjin oplossing is foar de problemen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)