Amelân lilk oer ferbodsbuorden

07 apr 2009 - 07:30

It Amelân is lilk oer de ferbodsbuorden dy't sûnder oerlis by it griene strân fan Ballum en by de Vogelpôlle delsetten binne. It LNV hat de buorden dêr delsetten fanwege it briedseizoen, mar it eilân fynt warskôgingsbuorden genôch. It is net nedich om it gebiet ôf te sluten.

Ferline jier hie it LNV de ferbodsbuorden der ek al pleatst. De gemeente hie dy buorden doe fuorthelle, mar no hat it LNV se der dochs wer delsetten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)