Amelân krijt warskôging

23 okt 2007 - 07:48
  • De toeristebelesting op It Amelân giet omheech

It Amelân moat better op 'e sinten passe, oars kin de provinsje de Waadgemeente ûnder kuratele stelle. Dat docht bliken út in brief dy't it gemeentebestjoer koartlyn krigen hat.

It Amelân hat al sûnt 2004 in tekoart op de begrutting en wurket deroan om dat fuort te wurkjen. Der leit no in foarstel om de toeristebelesting mei fyftich persint te ferheegjen. In mearderheid fan it gemeentebestjoer liket foar dit foarstel te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)