Amelân ferwolkomt húsdieren

07 sep 2000 - 16:16

Alle húsdieren út it lân binne op Bistedei, 4 oktober, op It Amelân wolkom. Se kinne dy dei fergees op de boat. Har eigners moatte de oertocht wol betelje. De bisten wurde bliid makke mei spesjale kuierrûtes en in bistebar.

It plan is in inisjatyf fan de VVV fan it eilân. De VVV ferwachtet benammen hûnen en katten, mar hopet ek oare húsdieren begroetsje te meien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)