Ambysje Appelskea: yn top 10 bêst besochte plakken

20 feb 2016 - 11:36
  • Ympresje fan it nije plein oan de Boerestreek yn Appelskea

Eaststellingwerf hat grutte plannen foar Appelskea dy't 700 ekstra banen opsmite kinne. De gemeente wol dat it doarp yn de kommende tsien jier yn de top 10 komt fan bêst besochte plakken yn Nederlân.

Doel is om yn te spyljen op besikers fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Dy komme by Appelskea del en dêr kin it doarp fan profitearje. Der binne plannen om it sintrum yn te rjochtsjen mei mear winkels foar toerisme. Ek soenen der mear gidsen oplaat wurde moatte. Ek komt der in nije útkyktoer.

As Veenhuizen yn Drinte op de list fan wrâlderfgoed komt lûkt dat nei alle gedachten in soad Sinezen lykas yn yn Giethoorn. Ek dêr wol Appelskea fan profitearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)