Ambulânses gean foar de medyske keuring

05 nov 2015 - 15:36
  • Apparatuer fan de ambulânses wurdt keurd
  • Ek de hartmonitoaren wurde neisjoen.

Brankaars, hartmonitoaren, sirenes en oare apparaten fan 19 Fryske ambulânses binne tongersdei keurd op de ambulânsepost yn Ljouwert. De APK foar de auto sels wurdt troch garaazjes dien, mar no giet it om de medyske kant. Der binne 12 man, benammen medyske technisy, dwaande mei it checken fan alle saken yn en om de ambulânse.

It giet om de auto's fan UMCG Ambulancezorg en Ambulancezorg Fryslân, mar ek de apparatuer fan de twa ambulânseboaten, de motors en de snieskooter wurdt keurd. De keuring giet freed fierder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)