Ambulânsepost Frjentsjer iepen

01 okt 2014 - 06:39
  • De ambulânsepost yn Frjentsjer

Yn Frjentsjer is woansdei in nije ambulânsepost yn gebrûk naam. De post oan Het Want moat der foar soargje dat ambulânses yn Noardwest-Fryslân earder te plak binne. Foarhinne stie de ambulânse stasjonearre yn Harns, troch út Frjentsjer te wurkjen wurdt gemiddeld in minút tiid wûn. Ek op oare plakken yn de provinsje wurde mei de bou fan nije ambulânseposten de oanrydtiden ferbettere. It giet dan om Grou, De Jouwer en Aldehoarne. De post yn Burgum wurdt ferhuze nei Noardburgum.

De lanlike noarm is dat 95 prosint fan de ambulânses binnen fyftjin minuten te plak wêze moat. Yn Fryslân wurdt dy noarm no noch net oeral helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)