Ambulânsepersoniel mishannele

24 mrt 2013 - 09:44

In 17-jierrige jonge út Surhústerfean hat sneontenacht ambulânsepersoniel mishannele. Nei in melding, trof de plysje de jonge oan yn de berm by de Skieding yn Surhústerfean. Hy hie fierstente folle dronken. Ambulânsepersoniel soe de jonge helpe, mar hy gie folslein troch it lint. De jonge sloech, skopte en misledige de meiwurkers fan de ambulânse.

Hy waard nei it sikehûs brocht. Ek dêr wie er tige agressyf. Doe't er in plysje yn it gesicht flibe, waard er oerbrocht nei it buro en yn de sel setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)